zondag 19 november 2017 ..:: Fries ::.. Registreren  Inloggen
Contact  


Informatie optredens
Bert Strijk 
06-22314485
Email


Meie wy ús even foarstelle?  

Feestkapel De Blaasbalgen út Leidschendam is ien fan de 17 top-kapellen dy’t Nederlân ryk is. In protte feesten binne troch De Blaasbalgen in súkses wurden. De Kapel is oprjochte yn 1999 en hat al een hiele súksesfolle skiednis. Se ha folle festivals yn it lân wûn en troch disse súksessen binne De Blaasbalgen te gast west by grutte eveneminten. As absolút hichtepunt kinne we ús optredens yn iistimpel Thialf neame. Doe’t de Nederlanske kampioenskippen en de Worldcup-wedstriden yn 2007 en 2008 hâlden waarden, wiene De Blaasbalgen de sfeermakkers en tûzenen minsken songen mei fjoer: “We are the Champions”. Ek yn it foarprogramma fan taptoes binne De Blaasbalgen faak te finen. Ien fan Nederlâns grutste burger-taptoes is yn it sintrum van Delft. Om it jier wurde der yn Delft twa jûnen achter elkoar foar útferkochte tribunes shows presenteare fan de bêste marchingbands fan Nederlân en fier der bûten. De Blaasbalgen stiene hjir yn 2006 súksesfol yn it foarprogramma en ek yn 2008 sille De Blaasbalgen acte de presence jaan en nochris al it publyk op’e banken krije mei ús opswypkjende musyk. Ek op ‘e televyzje binne De Blaasbalgen gjin ûnbekenden. Yn 2006 wiene De Blaasbalgen te gast yn it programma “De schreeuw van de leeuw”, presinteare troch Paul de Leeuw. Hjir wiene De Blaasbalgen útnoege om oan in winsk te foldwaan fan ien fan de gasten fan Paul. Hy woe graach it Do Re Mi en Edelweiss út de film “The sound of Music” hearre en De Blaasbalgen moasten Paul begeliede. Efterôf like it wol dat hiel Nederlân dit sjoen hie, safolle réaksjes kamen dêr op. Ek yn ‘e jazzwrâld binne De Blaasbalgen gjin ûnbekinden. By de Trumpetparty 2006 yn Noardwijk, dêr ‘t in protte grutte jazz-trompettisten oan mei wurken, waarden De Blaasbalgen frege om it nûmer “Gonna fly now” út de film Rocky te spyljen. Mei nocht hawwe se dit dien om’t dit spektakelstik troch Maynard Ferguson grut makke is en net ûntbrekken mei op in dei sa as de Trumpetparty. Dizze jûn hiene De Blaasbalgen Ron van Zanten út Utrecht as gast-solist foar de bekende solo en dy hat de honneurs treflik waarnommen! Foar it optreden fan De Blaasbalgen jildt eins mar ien kritearium: Dêr’t it feest wêze moat, bin De Blaasbalgen presint. Feesten foar 10 tot 1000 minsken, it makket De Blaasbalgen neat út: Se gean der foar en feest sil it wurde. Behalve De Blaasbalgen hat de feriening ek noch in twadde kapel en wol Feestkapel De Blaasknarren. Dizze kapel is opset foar leden dy’t it wat rêstiger oan dwaan wolle yn’e musyk. It is nochal wat om by De Blaasbalgen te spyljen. Foar in protte leden is De Blaasbalgen in manier fan libjen, “Der altyd wêze wolle en it mei-inoar dwaan wolle”.

Mei útsûndering fan dizze yntroduksje-tekst is ús fierdere website yn it Nederlânsk. Wy biede jo hjirfoar ús ekskús oan, mar ús site jout sa folle ynformaasje en wurdt daagliks byhâlden, en om alles oer te setten soe te folle wurk wêze. Wy hoopje dat jo troch dizze yntroduksje dochs in yndruk fan ús feriening krije. As jo yn ‘e takomst fan ús muzikale tsjinsten gebrûk meitsje wolle, is der altyd ien dy’t jo, yn elk gefal yn it Ingelsk, te reden stean kin.

Muziekvereniging Stompcity Music Leidschendam
Feestkapel De Blaasbalgen

info@deblaasbalgen.nl


Scheveningen 2008


Bus sponsoren  

Blaasknarren  

Naar de Blaasknarren website


Hyves  


Nieuwsbrief?  

Zoeken  

Copyright © 2016 Feestkapel De Blaasbalgen